Oanpassing wetterpeil De Jordaan

© Omrop Fryslân
Wetterskip Lauwerswâlden set meikoarten út ein mei wurksumheden yn it gebiet 'De Jordaan'. Dit is it gebiet tusken Burdaard, Rinsumageast en Aldtsjerk.
Yn it gebiet wurdt it wetterpeil oanpast. Ek wurdt de einekoai by Aldtsjerk opknapt en der komt in fytspaad yn Rinsumageast. Mei in part fan it wurk soe eins yn de maaitiid al begûn wurde, mar dat koe net fanwege de tongblier.