Tjongerschans wurdt renovearre

07 sep 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Freedtemiddei is in begjin makke mei de nijbou en renovaasje fan sikehûs De Tjongerschans op It Hearrenfean. It projekt kostet hast 100 miljoen gúne en sil yn 2005 klear wêze. Opfallend is dat it sikehûs grutter wurdt, wylst de kapasiteit minder wurdt.

De plannen binne al tsjien jier âld. It nije gebou komt njonken it al besteande gebou.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)