Toeristysk projekt yn Jannum

07 sep 2001 - 00:00

It toeristysk projekt yn Jannum kin lang om let útfierd wurde. In pear arbeiderswentes wurde omboud ta lôzjeminten en it tsjerkemuseum wurdt ferbettere. Der wiene al plannen sûnt 1999, mar it hat lang duorre foar't de beswieren tsjin de plannen ôfhannele wiene.

De boukosten binne yntusken heger wurden. De gemeente Ferwerderadiel moat in ton ekstra bydrage.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)