'VVD lit tongblierboeren falle'

© Omrop Fryslân
In mearderheid yn 'e Twadde Keamer stipet it strafkoartingbelied fan lânbouminister Brinkhorst. De earder tige krityske VVD-fraksje stiet no achter de minister. CDA-Twadde Keamerlid Joop Atsma is min te sprekken oer de VVD.
Atsma fynt dat de VVD de boeren falske hope jûn hat. Allinnich CDA, Christenunie, SGP en SP fine dat de strafkoartings noch fierder nei ûnderen moatte.