Fryske Stjerrejûn yn Thialf

06 sep 2001 - 00:00

Twarres, De Kast, Reboelje, Piter Wilkens en Anneke Douma sille ein novimber optrede yn Thialf op It Hearrenfean. Op dy saneamde Fryske Stjerrejûn sille de bêste en meast draaide Fryske platen te hearren wêze.

It feest wurdt holden yn in omboude iishockeyhal fan it Thialfstadion. De stjerrejûn sil op 4 dagen holden wurde, 29 en 30 novimber en 1 en 2 desimber.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)