Steande netten noch tastien

06 sep 2001 - 00:00

De Fryske Iselmarfiskers binne bliid mei de útspraak fan de rjochter dat se noch in jier trochfiskje meie mei steande netten. De fûgelbeskerming woe de fergunnings fan de fiskers ynlûke om't der 10 tûzenen fûgels fersûpe yn de netten.

De fiskers sille no alternativen foar de steande netten betinke foar it nije beliedsplan fan steatssekretaris Faber.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)