Dûmny Marten de Boer ferstoarn

06 sep 2001 - 00:00

Yn syn wenplak Easterein is woansdei dûmny Marten de Boer (62) ferstoarn. Hy wie slim siik. De Boer wie sûnt ferline jier herfoarme predikant fan de gemeente Ried-Skingen. Hy die in soad Fryske tsjinsten en ek jeugdtsjinsten.

De Boer waard ek bekend troch syn rige boeken mei ferhalen út syn praktyk as dûmny. Syn earste boekje hiet 'Dûmny jo ha my wol ris mear ferfeeld'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)