Poppoadium Romein set út ein

06 sep 2001 - 00:00

Theater Romein yn Ljouwert set takom wike tongersdei út ein mei in searje popkonserten. De komst fan it poppoadium wie lange tiid ûnwis. De gemeente Ljouwert woe wol subsydzje jaan, mar dan moast der wol in spesjale programmaried ynstallearre wurde.

Dizze ried moat de bands, dy't optrede wolle, keure. De Belgyske band Das Pop sil nije wike it spit derôf bite.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)