Tongblierkrisis evaluearre

© Omrop Fryslân
Yn de gemeente Achtkarspelen is in evaluaasje makke fan de tongblierkrisis. Derút docht bliken dat it kontakt mei it ministearje te winskjen oerliet.
De maatregels folgen inoar yn grut tempo op en it wie in toer foar de gemeente om se yn de praktyk út te wurkjen. Ut de evaluaasje is ek nei foaren kaam dat de gemeente net goed taret wie op in mooglike ramp.