Werynrjochting sintrum De Lemmer

© Omrop Fryslân
Op De Lemmer is tongersdeitemoarn úteinsetten mei de werynrjochting fan in grut part fan it sintrum. Yn seis strjitten wurdt it rioel ferfongen en komme der nije klinkers.
By guon ûndernimmers bestiet wjerstân tsjin de werynrjochting. Sy binne tsjin op it ienrjochtingsferkear dat de gemeente ynstelle wol yn guon strjitten. It sintrum wurdt dan minder berikber.