Arriva wol mear 'Dennisbussen'

06 sep 2001 - 00:00

De kâns is grut dat busbedriuw Arriva noch mear saneamde 'Dennisbussen' keapet. Ferline jier hat Arriva der 50 kocht fan de Ingelske fabrikant Dennis.

De bussen ha as foardielen in lege ynstap foar passazjiers en in leech brânstof-ferbrûk, mar der hawwe ek oanrinproblemen west. Sa die bliken dat de doarren net goed ticht woenen. De fabrikant hat dat probleem no oplost.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)