'All in' wetterskip yn Fryslân
Yn it woansdei útkommen evaluaasjerapport oer de takomst fan de Fryske wetterskippen wurdt in foarkar útsprutsen foar in saneamd 'all in' wetterskip yn Fryslân.
It suveringsbehear moat in aparte ienheid bliuwe. It rapport advisearret om by de ferkiezings foar it nije wetterskip te wurkjen mei kiesdistrikten dy't lykje op de hjoeddeiske wetterskippen.