Dongsilo beskildere yn Wânswert

04 sep 2001 - 00:00

De famylje Spoelstra yn Wânswert hat keunstner Frans Hoyting fan Kollum opdracht jûn har dongsilo te beskilderjen mei in panorama fan it lânskip. De kosten wiene sa'n 3000 gûne.

De bisten, de pleats en it doarp binne ôfbylde op de silo. In spesjale laklaach moat it keunstwurk beskermje tsjin rein en snie. De famylje wol ek noch har skuorre beskilderje litte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)