Rendac organisearret Kastkonsert

04 sep 2001 - 00:00

Destruksjebedriuw Rendac yn Sumar trakteart de buorlju op 6 oktober op in konsert fan De Kast. Rendac docht dit fanwege it 75-jierrich bestean, mar neffens guon omwenjenden is it kompensaasje foar de (stjonk-)oerlêst.

2500 minsken kinne it konsert yn in tinte op it Rendacterrein bywenje. Kaartsjes kostje in tientsje; de opbringst is foar it Ronald McDonaldhûs yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)