Jild foar skoalle Marsum

04 sep 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De iepenbiere skoalle fan Marsum kriget jild fan 'e gemeente Menameradiel om de klimaatbehearsking te ferbetterjen. Yn ferbân mei de fleanbasis is it gebou hiel goed isolearre. Yn 'e skoalle is in luchtferfarskingssysteem oanbrocht.

Dy ynstallaasje is no nei 20 jier oan ferfanging ta. De gemeente hat der 16.000 gûne foar oer. De nije cv betellet de skoalle sels.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)