Plysje-oplieding tige yn trek
De plysje-oplieding fan de Friese Poort hat in protte nije learlingen. It tal groepen is yn in jier tiid fan fjouwer nei sân gien, mei in-inoar goed foar 175 learlingen. By de oriïntaasjekursus is it tal oanmeldings ferdûbele.
Oer hiel Nederlân binne der 3500 plysjeskoallelearlingen. Trije jier ferlyn wiene dat noch 1200. De taname sil noch grutter wurde, sa is de ferwachting.