'Net bang foar baneferlies KPN'

© Omrop Fryslân
Neffens Fellema, lid fan de sintrale ûndernimmingsrie fan de KPN, is it personiel fan KPN Ljouwert net benaud foar baneferlies troch in reorganisaasje.
Moandei kundige bestjoersfoarsitter Smits oan dat der op koarte termyn 8000 banen útgean yn 'e operaasje 'Vision'. De festiging yn Ljouwert tinkt bûten skot te bliuwen, omdat it callcenter dêr goed draait.