Aanloophuis is wer iepen

03 sep 2001 - 00:00

Nei oardel jier giet it tsjerklik Aanloophuis yn Ljouwert wer iepen. De deiopfang foar dakleazen yn 'e Baginestrjitte moast ticht fanwege oerlêst.

No moat in betelle koördinator en in paskesysteem roppers en razers bûten de doar hâlde. De koördinator wurdt betelle troch de Ljouwerter tsjerken. De opfang is foarearst inkeld op snein iepen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)