Himdyktocht: oer twa jier wer?
Goed 4200 kuierders rûnen sneon de earste Himdyktocht, in ôfstân fan 30 kilometer. De grutte dielname is te tankjen oan it súkses fan de Slachtemaraton, ferline jier.
Yn groepen fan trijehûndert giene de kuierders yn Blauhûs los. De rûte gie foar in grut part oer de âlde wetterkearing De Himdyk. Oer twa jier komt der mooglik wer sa'n tocht.