Marten Brouwer ferstoarn
Yn 'e Bretonske stêd Brest is Marten Brouwer (72) ferstoarn. De soan fan Jelle Brouwer wie âld-heechlearaar massapsychology. Hy wie ek bekend as Frysk dichter en ien fan de oprjochters fan it baanbrekkende literêre tydskift Quatrebras.
De lêste jierren wenne Brouwer yn Bretanje. Yn 'e Fryske media skreau er stikken oer de Bretonske taalsituaasje.