Keninginnedei dochs noch fierd

31 aug 2001 - 00:00

Trije gemeenten yn noardeast-Fryslân ha freed Keninginnedei fierd. Yn april koe dat net fanwege de tongblier. Der wie no foar 31 augustus keazen, de jierdei fan keningin Wilhelmina.

Yn Dokkum wie it gesellich drok. De gemeente hie earder it gerucht ferspraat dat Maxima komme soe en dat, nei betizing, moandei al út de wrâld holpen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)