Wer fersyk azc Akkrum

31 aug 2001 - 00:00

De diskusje oer it azc by Akkrum is noch net dien, of it COA komt al mei in nij fersyk. It COA (Centraal Orgaan Opvang Asielzoekers) wol graach dat der yn Akkrum in needopfang komt foar 700 asylsikers.

Der rint noch in ûndersyk nei in permanint azc foar 250 minsken yn Akkrum. Dat wol de gemeente earst ôfwachtsje, ear't it nije fersyk besjoen wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)