Pieter Huistra nei FC Grins

30 aug 2001 - 00:00

Pieter Huistra sil oan it wurk by fuotbalklup FC Grins as jeugdbegelieder. De âld-Drachtster wurdt taheakke oan de trainersstêf fan 'e jeugd. Huistra is syn karriêre ek by FC Grins begûn en spile letter ûnder oaren foar FC Twente, Glasgow Rangers en RBC. Huistra hat ek yn Japan en Hong Kong spile.

Huistra kaam 8 kear út foar it Nederlânsk alvetal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)