Primeur: nije paspoart
Nei de earste Máximaskoalle foarige wike hie Ljouwert tongersdei al wer in primeur: it nije paspoart. As earste gemeente koenen de amtners mei it nije guod oefenje.
It nije, feiliger paspoart giet 1 oktober yn. Sneon begjint in lanlike kampanje om de boargers foar te ljochtsjen oer de feroarings. It nije paspoart is 25 gûne goedkeaper.