NLTO net akkoart
De NLTO stapt nei de rjochter as Brinkhorst fêsthâldt oan de strafkoartings fan fjouwer miljoen gûne. Dêrmei reagearje se op it nijs dat de minister guon straffen ferlege hat. De lânbouorganisaasje hopet dat Brinkhorst dochs noch fan gedachten feroaret.
Yn Fryslân wienen seis boeren dy't strafkoartings oplein krige hienen. Dat binne der no noch fiif.