Hingplakken foar Feanster jeugd

© Omrop Fryslân
Jongeren út Surhústerfean kinne meikoarten telâne op 'echte' hingplakken. De jeugd, dy't him foaral yn it winkelsintrum ophâldt, soarget foar oerlêst.
Doarpsnetwurk Surhústerfean kaam mei it idee en B en W fan Achtkarspelen fiele dêr wol foar. De plakken kostje 50.000 gûne. Doarpsnetwurk betellet de helte en docht it ûnderhâld.