Jild foar ferbouwing Thialf
De gemeente Hearrenfean stekt op 'e nij jild yn de ferbouwing fan iisstadion Thialf, mar docht dat net fan herte. Thialf sit mei jildkrapte en dêrtroch driget de ferbouwing yn de problemen te kommen.
Steatssekretaris Vliegenthart fan Sportsaken hat no ek mear subsydzje tasein. B&W fynt dit bedrach te leech en sil dêrom f 70.000,= der op talizze.