Al hast tritich kadavers fûn

29 aug 2001 - 00:00

De AID hat nei twa dagen graven by in boer yn Hilaard al 29 kadavers oantrof- fen. It is ûndúdlik hoefolle deade bisten oft de boer bedobbe hat. Hy docht dat al twa jier. De ynspeksjetsjinst hat sa'n fynst net faker meimakke.

It is ek ûndúdlik wêr't de kij oan dea gien binne. De kadavers wurde nei in ferbaarningsynstallaasje brocht. Mooglik moat de boer de kosten betelje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)