Kofjeshop mei rjocht sletten

29 aug 2001 - 00:00

De kofjeshop oan de Lytse Tsjerkstrjitte yn Ljouwert is mei rjocht sletten troch de gemeente. Dat hat de rjochtbank be- paald. Ljouwert stiet de eksploitaasje fan meielkoar 12 kofjeshops ta.

Dizze kofjeshop foel net ûnder dat gemeentlike belied, omdat er yn in winkelstrjitte siet. De eksploitant hie in rjochtsaak oanspand tsjin it beslút fan de gemeente, mar hat dus ferlern.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)