Fryske sjoernalisten prate by
It mediakafee fan Omrop Fryslân is it plak dêr't Fryske sjoernalisten tenei 4 kear yn't jier byninoar komme sille om oer it fak te praten. It doel is dat de sjoernalisten prate oer saken as de kar dy't je meitsje en de oanpak fan gefoelige ûnderwerpen.
De fraach of omrop- en krantesjoernalist konkurrint of kollega binne stiet sintraal op de earste jûn.