AID fynt begroeven kadavers

28 aug 2001 - 00:00

De AID hat tiisdei drok dwaande west yn Hilaard, omdat in boer dêr yllegaal ka-davers bedobbe hat. De AID hie de boer yn kwestje al in skoftke op 't each en hat no yngrypt. Mei in grutte kraan is socht nei de deade bisten.

Der binne sechtjin bisten fûn. Woansdei graaft de ynspeksjetsjinst fierder. De boer bedobbe syn deade fee om't er destruksjebedriuw Rendac net fertroude.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)