Automobilist mishannele

© Omrop Fryslân
In automobilist út Smellingerlân is moandei yn Drachten mishannele troch twa jonges. Hy stoppe nei't ien fan de jonges syn middelfinger nei him opstutsen hie.
De man krige doe in klap yn 't gesicht en mei in planke waard in dûk yn syn auto slein. De jonges diene dat om't de automobilist tefolle nei it famke sjoen hawwe soe dat by har rûn.