Jonges rêde ynvalide út grêft

© Omrop Fryslân
Trije jonges hawwe moandei it libben rêden fan in 80-jierrige Boalserter. De man ried mei syn ynvalideweintsje op it Laag Bolwerk de grêft yn. De jonges sprongen him efternei en brochten him mei weintsje en al nei de kant. Dêr koe de man út it wetter helle wurde.
De man is foar ûndersyk nei it sikehûs brocht. Syn weintsje wie ûnbestjoerber troch in oanriding mei in pealtsje.