Bonkemoal-probleem foarby?

© Omrop Fryslân
Der liket in oplossing te wêzen foar it probleem fan de bonkemaol dy't Rendac net kwyt kin. Elektrisiteitsbedriuwen soene it moal wol opstoke wolle yn har koalesintrales.
De sintrales moatte noch al tastimming krije fan har provinsje. Ek moat de sintrales der technysk foar klearmakke wurde. Rendac hat sels net genôch kapasiteit om it moal te ferbaarnen.