Google no ek yn it Frysk

27 aug 2001 - 00:00

Sykmasine Google is no ek beskikber yn it Frysk. De Ljouwerter Henk Wolf hat foar Google de measte kommando- en ynstruksjesinnen oerset yn it Frysk. Google wie bliid mei Wolf syn ynbring; it Frysk stie op de list fan talen dy't se graach oanbiede woene.

Google wie al beskikber yn guon oare Europeeske minderheidstalen lykas it Baskysk, it Iersk en it Welsh.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)