Keatsen snein

26 aug 2001 - 00:00

By it frouljuskeatsen yn Kimswert hat it partoer fan Marie Heida snein wûn. Mei Wiesje van der Berg en Helena de Vries wie se better as Petra Vietor, Tineke Algra en Bianca van der Veen.

By de manlju yn Bitgum gie de finale snein tusken it partoer fan Simon Minnesma en dat fan Klaas Anne Terpstra. De lêste krige de krânse om 'e nekke, mei Rinze Bleeker en Folkert van der Wey.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)