Primeur: Máximaskoalle

26 aug 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Yn Ljouwert komt in skoalle mei de namme Máxima. Dat is in lanlike primeur. It giet om de nije dependânse fan de Johan Willem Frisoskoalle yn de wyk Zuiderburen.

De direksje fan de kristlike basisskoalle hat tastimming krigen fan it Keninklik Hûs. Mooglik komt de ferloofde fan Willem-Alexander meikoarten sels del as se Fryslân oandocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)