Ungemak by Wurdum

26 aug 2001 - 00:00

In 41-jierrige frou út Easterein is sneintemoarn ferwûne rekke by in ûngemak. Se waard op de krusing fan de A32 by Wurdum oanriden troch in 27-jierrige Ljouwerter. Hy hie te let sjoen dat it ferkearsljocht op read stie.

De frou siet beknypt yn har wein en moast troch de brânwacht befrijd wurde. Se is nei it sikehûs brocht, krekt as de ynsittenden fan de oare auto.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)