Fermiste man is ferdronken

26 aug 2001 - 00:00

De wetterplysje hat sneon in lyk út de Waadsee helle. De plysje wie ynljochte troch boatsjefarders dy't by it Griend wat driuwen sjoen hienen.

Yn Harns die út ûndersyk bliken dat it om it stoflik omskot fan de fermiste Scheltema fan Frjentsjer gie. De man waard sûnt ôfrûne tiisdei fermist. Syn fyts wie woansdei by Surch oantroffen. Neffens de plysje is er ferdronken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)