Skeining yn Snits
Twa famkes út Snits (7 en 11 jier) binne freedtejûn bleatsteld oan in man dy't de rits fan syn broek iepen die. De famkes binne fuort draafd.
De heit fan ien fan de famkes skreau it nûmerboerd op fan de auto dêr't de man yn fuort ried. De plysje koe de 52jierrige Snitser letter oanhâlde. Hy krige in proses-ferbaal en is dêrnei frijlitten.