MPF sit yn de lift

© Omrop Fryslân
It giet goed mei medisinefabrikant MPF yn Aldehaske. Yn 1994 is it bedriuw begûn mei it meitsjen fan pillen, poeiers en floeistoffen foar linzen. It bedriuw is al trije kear útwreide en nei de lêste kear is de kapasiteit ferdûbele.
By MPF wurkje 65 minsken, dat kin noch groeie oant 100 wurknimmers yn de kommende jierren. It bedriuw produsearret foaral foar apoteken.