Fuotbalferiening keapet fee

© Omrop Fryslân
De fuotbalferiening fan Eanjum hat freed in kealtsje oan boer Heeringa oanbean. Alle jierren hâldt de klub in aksje foar in goed doel. Dit jier is fee kocht foar boeren dy't har bisten kwyt rekken troch de tongblierkrisis.
It gie om in symboalyske oanbieding fan it earste kealtsje. Underwilens ha al acht boeren fee krigen. By de oanbieding wie boargemaster Cazemier ek oanwêzich.