Grutte brân sintrum De Jouwer

© Omrop Fryslân
Sneon is der by Blokker op De Jouwer brân útbrutsen. Om 12.00 oere hinne ûntstie it fjoer op de boppeferdjipping fan de saak oan de Midstrjitte. Oare winkels yn de winkelstrjitte binne ticht gien.
De brânwacht hie muoite de brân ûnder kontrôle te krijen. Der is net ien ferwûne rekke. De skea wurdt rûsd op miljoenen gûnen. Winkels neist Blokker hienen in soad reek- en wetterskea.