Oertsjûgjende winst Hearrenfean

25 aug 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

SC Hearrenfean hat freedtejûn mei oermacht fan NAC wûn. Foar it earst dit seizoen foar eigen publyk, skeaten de Friezen fiif kear yn it doel fan de klub út Breda, dy't sels net in kear skoarde.

Anthony Lurling makke it earste en de lêste doelpunt. Allbäck, Talan en Denneboom kamen doelman Babos ek foarby. Ferline wike einige de wedstriid tusken de beide klubs noch yn in lykspul.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)