Oanlis Hanzeline is definityf
De Hanzeline komt der. It kabinet is freed akkoart gien mei de oanlis fan it spoar. It trajekt tusken Swolle en Lelystêd is geunstich foar Fryslân om't de reistiid nei de Rânestêd mei 20 minuten koarter wurdt.
It trajekt giet fia Dronten en Kampen. De oanlis kostet hast twa miljard gûne. Nei alle gedachten wurdt it spoar yn 2009 yn gebrûk nommen.