Man fermist
Djurre Scheltema wurdt sûnt tiisdei fermist. De 68-jierrige Frjentsjerter is in pasjint fan de GGZ en wie frij labyl. De fyts fan Scheltema is woansdei oantroffen tusken Surch en it begjin fan de Ofslútdyk.
Nei alle gedachten is Scheltema klaaid yn in blauwe broek en in ljocht boesgroen en sandalen. De plysje freget lju dy't him sjoen ha kontakt op te nimmen.