Snitser maneezje yn swier waar

24 aug 2001 - 00:00

De maneezje yn Snits sit yn swier waar. It bestjoer fan de stichting hat útstel fan betelling by de rjochtbank oanfrege. Der is gjin jild mear om rekkens te beteljen. It giet om in bedrach fan 15.000 gûne.

De tongblierkrisis spile de maneezje parten en skulden út it ferline sieten it bestjoer op de nekke. De surséânse hat gjin gefolgen foar de riders.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)