Bear Boeloe iepenet Sutelaksje

© Omrop Fryslân
Bear Boeloe sil op freed 31 augustus de jierlikse Sutelaksje iepenje yn Stiens. De bear sil boargemaster Vroegindeweij it earste eksimplaar fan it aksjeboek 'Trije protters op in prikje' oanbiede.
Yn dit boek steane ferhalen fan Bear Boeloe, pjuttefreon Tomke en noch folle mear. De Sutelaksje sels begjint op 1 septimber op de Stienzer bradery en slút ein oktober mei de Drachtster boekemerk.