Skuon út yn basisskoalle De Wel

24 aug 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Op kristlike basisskoalle De Wel yn Broeksterwâld is opskuor ûntstien. Sûnt it nije skoaljier meie de bern dêr net mear mei skuon yn 'e klasse. Guon âlden binne it dêr net mei iens.

Yn de simmerfakânsje hat in grutte groep âlden it fertutearze skoalgebou oan de binnenkant opknapt. Ek is oeral nije flierbedekking kaam. Om de boel kreas te hâlden, binne nije regels opsteld.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)