Nije boargemaster ynstallearre
Woansdei is de nije boargemaster fan Ferwerderadiel, Wim van den Berg, ynstallearre. Van den Berg folget Geersing op.
Van den Berg wol mear túnbou yn de gemeente en mear toeristen lûke. Boppedat wol er in diskusje begjinne oer de takomst fan Ferwerderadiel. Van den Berg is berne op It Hearrenfean en wie hjirfoar boargemaster yn De Lier.